likheit drage woene foar de gefolgen, hwannear’t Coumans langer yn syn offysje en formiende rjochten hanthavene wurde soe, sawol mei it each op de rêst en de fredeyn ’e stêd, as hwat it halden en dragen fan de studinten buten de universiteit oanbilange.

Neifolgjende professoaren setten har namme ünder dizze remonstransje: Adr. Metius, pro tempore rector, Joh. Maccovius, Meinardus Schotanus, B. Schotanus, M. Wijbijngha, Menelaus Winsemius, A. Verhel, Daniël Dammius, Bernardus Fullenius, Georgius Pasor, wylst D. Amesius en D. Rhala har fanwegen öfwêzichheit üntskuldigje lieten. Foar de stêd waerd de remonstransje ünderskreaun fan de boargeinasters Fredericus Heynsius, J. Juckema, Hotze Meijnsma, Hieronimus Willems en de sekretaris W. Ghemmenich.

It duorre in skoft, ear’t deputearren op dizze remonstransje in bislüt nimme koene. Marde feiten wiene sa oertsjügjend, dat hja yn oktobermoanne 1633 Coumans it oktroai, monopoalje of privileezje üntseine, „nadat zijn huis en tapperij op den hoek van de Molenaarssteeg bij den kaetsbane een geweldigen aanval van studenten had moeten verduren”, lyk as Mr. Boeles üt it Missivenboek fan deputearre steaten wist to tortellen. Mar dêr blykt üt de stikken fan it Frjentsjerter Gemeente-archyf op datselde en folgjende jierren nuverdernöch neat fan; wol dat him op 1 en 8 novimber 1633 fanwegën de magistraet hjitten waerd, mei de bouwerij oan de westside fan syn hüs op to halden. Dat barde nei oanlieding fan in troch Johannes Piers c.s., to witten al dyjingen meiinoarren, dy’t by de Noarderpoarte wennen, by de magistraet yntsjinne rekest, dêr’t hja har yn biklagen oer it feit, dat Johannes Coumans oan de westkant fan it troch him biwenne hüs in toer of treppen alhiel oer de strjitte hinne boud hie, yn forban hwermei’t de klagers forsochten Coumans foarneamd op to dragen dat er mei de bouwerij ophalde moast en boppedat hwat al klear wie folslein wer ófbrekke litte, om’t er harren dêrmei it skoandere ütsjoch op de poarte alhiel binaem. Hy bleau it lilke bist en de oerheden fan Frjentsjer mochten him blykber graech dwerssitte!

Mar al rekke Coumans dan ek üt it Akademy-libben wie, dêrmei wie de rêst yn Frjentsjer fuort net werom, likemin yn de rounte fan de professoaren as yn dy fan de studinten, tapers en kastleins. Hwant doe’t de steaten fan Fryslan der yn 1634 boppedat noch ta oergiene, de saneamde akademyske f rij heit op it stik fan bilestingen op wyn, bier ensfh. yn to lüken foar de leden fan de universiteit, doe kamen de hearen professoaren dêr allike ful tsjin yn ’t forset as yn harren remonstransje tsjin Johannes Coumans. Dêr birikten hja yn elts gefal mei, dat de steaten it privileezje foar it corpus academiae yn wêzen