Coumans, artibus niacedonum bonos juvenes, nieuws uijt den scholen komende, tot den kaetsbaen is anlockende buijten ende tegen wille haerder Ouderen, met belofte indien sij eenige andere inden kaetsbaen connen brengen, dat zij vrij sullen wesen, ende niet off weinich geven, nochtans t’zelve aanteeckent, obligatien ende brieven van haer eischt, doch dat hij haer niet sall maenen voor ende alleer sij sui juris ofte getrouwt sullen zijn”.

Dit wiene doch sünder mis kweade praktiken, dy’t wol oanlieding jaen moasten ta drinken en it meitsjen fan skulden, ek nei de studintetiid. Tsjin sok skandlik dwaen wie in fül protest dan ek wol tige op syn plak!

Allyksa wie it biswierjend foar him, dat er himsels by it bitankjen foar of as gefolch fan de oerdracht fan it sekretariaet fan de Akademy meiiens troch in bisündere akte buten it rjochtsfoech fan de akademyske senaet steld hie, om op sa’n wize de frije han to hawwen by it ~borgen ende lorschen 3 der studenten”. Sa wie er op in kear tsjin it bifel fan rector magnificus en senaet en tsjin de wil fan de akademyske assistinten by in „gecon fineer de” studint yn dy syn finzenis trochkrongen, ~sijn knecht hem volgende”, wylst er mei rare wurden syn miening sein hie oer de rector en de professoaren, hwaens foech er net achtslaen woe en mei hwaens weardichheit hy gjin rekken winske to halden. Hy hie foarjown, dat er mei dy studint ófrekkenje moast oer wyn en bier dy’t er levere hie, ek al wer yn striid mei it forbod fan de senaet, de yn arrest stelde studinten alkoholhaldende dranken to forkeapjen, „streckende alles tot inbreucke van goede ordre ende discipline, tot vilipendentie Senati Academici ende corruptie des studerende jonge jeuchts”.

De professoaren makke er it dêrfoaroer ünmooglik, wyn en bier yn ’e stêd to keapjen, mei’t hja dat inkeld buten de stêd en buten de provinsje opdwaen mochten. Mar seis makke er it foar alle oare kastleins, troch syn klandestine lytshannel yn wyn en bier tsjin in legere priis as de fêststelde, tige swier de stedsdaelder op to bringen, dy’t hja foar it halden fan sokke nearings bitelje moasten; dy har bistean kaem hjir tige yn ’e knipe. Hy hie as sekretaris fan de Akademy mei goede praktiken in ridlik bistean hawwe kind, mar hy hie fan dat amt öfsjoen, om oaren finansieel en moreel de knoei jaen to kinnen; ~daer het veel eerlijcker ende binlijcker waere geweest, dat hij sodanige conditie ter eeren hadde bedient, als dat hij anderen in hun rechten ende privilegiën gesocht hadde te vercorten”.

Om dy reden achten de heechlearden it mei de leden fan de magistraet foar it wolwêzen fan lan en stêd alderbêst, dat alles wer „in olden staet” brocht en Coumans op 'en gausten oan kant set wurde soe. Hja forklearren boppedat mei klam, dat hja tonei net de minste forantwurd-