commensalen de bieren bijde kanne hebbe moeten halen, gelijck mede veertien dagen daernae gebeurt is, dat ick, Attestant, wederomme voorde Barons hoffmeester versocht hebbe van de huijsfrouwe van gemelte Coumans een halff tonne biers op gelijcke vrijheijt, gelijck zij mij belooft heeft terstont naet versoeck de selve tot mijnen huijse te bestellen”. Mar doe wie der wer gjin foarrie en fan bitroude kunde hearde Ammama, dat Coumans syn oare helte hastich nei Harns ta reizge wie om dêrvvei bier mei to nimmen, dat hja har klanten doch bitsjinje kinne soe. Sa waerden de fêste klanten, dy’t rjocht hiene op öflevering en bisoarging op ’e tiid, toloarsteld en op kosten jage, mei’t Coumans syn forplichtingen foar de leden fan it corpus academiae net neikaem (2 desimber 1632).

In forklearring oangeande de persoan en it halden en dragen fan Coumans, öflein fan inkelde professoaren fan de Akademy, tagelyk in kleibrief oan it adres fan deputearre steaten, en fan alle heechlearden en de boargemasters persoanlik ünderskreaun, die de doar ticht.

Dit wiidweidige stik dielden de professoaren yn mei, dat hja mei Coumans „in Processe staen”, om’t dy al lang net mear oan syn forplichtingen foldie en allinnich mar mear die hwat er krekt net dwaen mocht, ntl. in tal iverige boargers it brea üt de müle stjitte troch ünearlike konkurrinsje. Fierders wiisden hja der yn in rige punten op, hwer’t it yn dizze kwestje winliken om to rédden wie.

Yn ’t foarste plak hiene deputearre steaten de tsjin Coumans ynbrochte klachten en biskuldigingen net, of alteast to min, achtslein.

Fierders birópen de heechlearaers har op har rjocht, „dat sij niet alleene sullen werden getracteerd als die van Leijden, maer dat sij van alle lasten ende impositiën vrij sullen zijn ende blijven, jae ooc dat belooft is, dat altijt d’Privilegiën sullen werden vermeerderten dêrmei wiene it oanCoumans takende rjocht en dy syn dieden oant nou ta folslein yn striid! In ünpartidige kommisje fan twa hearen ut deputearre steaten, twa kuratoaren fan de Akademy en twa professoaren hiene hjir, lyk as earder bard wie by it utmeitsjen fan oare striidpunten yn forban mei de universiteit en har ymmuniteit, de klachten ündersykje moatten, ynsté fan oan ien persoan, en dan noch wol oan sa’n ien, sok in monopoalje yn hannen to jaen, ~waer door d’saecken conden worden onsteld, des Landts proffijt vermindert ende d’Academische vrijheit t’eenemael ingebroken ende den neeringe vanden Stadt ganschelijc wechgenomen”.

En nou’t de universiteit krekt yn ’e foarütgong kaem —it tal ynskriuwingen wie fan 72 fóar de kursus yn 1629/30 omheechgien ta 100, yn 1630/31 ta 102 en yn 1631/32 seis ta 120 en nou’t de tastan yn it