Mar binammen yn de Frjentsjerter keatsbaen, dêr’t gjin wyn en bier skonken wurde mocht, die Coumans goede saken en dêr roun syn feint Abraham drolc hinne en wer mei kanfollen druvesop en garstebrousel. Hans Balger, allyksa assistint by de Akademy, hie him al gauris mei dat guod oer de brêge kommen sjoen „ten tijde als eenighe inde Caatsbaen waren caatsende”. In kollega fan sines, Jacob Claessen, forklearre ek, „dat hij op seeckere tijt, nae sijn onthoudt sijnde een Sondach nae de laaste praedicatie, als de Burgemeester Juckema het oock sach, dat de knecht een halff kanne bier heeft gebrocht uijt Coumans huijs inde kaetsbaen, hebbende die selvighe knecht inde ander handt een silveren beecker, seggende dat Weelderen ende Ockinga de selvige tijt inde baen kaatsten.”

Hjir wurdt meiiens düdlik üt, dat hja doetiids yn Frjentsjer yn de keatsbaen dus ek op snein oan it keatsen wiene.

Jurrien Poock, ek al wer in rêstbiwarder fan de universiteit, hie itselde oare kearen al gauris sjoen: der waerden bytiden kannen fol alkohoalyske dranken fan it hüs fan Coumans nei de keatsbaen tóge, itsij troch himsels, itsij troch syn hüshalding of syn personiel, feint en faem; en fierder fortelde Jurrien ek noch, dat er seis „tot meermalen in het dein kamerken bier ende wijn met Studenten heeft gedroneken, onder de welcke Pierius Swijns ende Arnoldus Johannis ende Albertus vant Bildt waren.”

In fjirde tsjüge, Isack Dirck, koe dy forklearrings bifêstigje. De beide studinten Hero ab Ockinga Frisius (üt Fryslan) en Fredericus a Weelderen Geldrus (üt Gelderlan) waerden nou ek oproppen, mar makken harren der mar hwat óf troch to sizzen ~datse inde Caetsbaen van Joannes Coumans well bier hebben gedroneken, doch voorde honsdagen een wijlen tijt geleeden”, en dat harren oars it measte fan dy feestlikheden al lang wer üt it sin gien wie. Hwerom soene hja dat ek allegearre sa krekt foar de rector fan de Akademy, Professor Adriaan Metius, dy’t de foargeande forklearrings öfnaem, üt de doeken dwaen?

Forkoft Coumans faeks buten de ymmuniteit fan de Akademy yn it lyts safolle wyn en bier, dat er it bytiden yn ’t great net mear leverje koe? Dêr biklage alteast Harnius of Hernius Ammama him oer, boarger en wynhear binnen Frjentsjer, dy’t baron Stanislaus Vitellius en dy syn hofmaster by him yn ’e hüs hie „als Studenten ende sijne Commensalen”, en dus op groun fan de kêsten oangeande de akademyske frijheit, foar syn adellike gasten it tastiene kwantum bier en wyn ynslaen kinne rnoast. Mar syn bistelling waerd fan Coumans net ütfierd, om’t er neat mear yn foarrie hie. ~Soodat ick Attestant”, sa biklage Ammama him, „tot mijn schade drie dagen langh voor de selve