te laten doen”. Dit wie wol in frijhwat dryste eask, dy’t Coumans hjir stelde. It wie to bigripen, dat de magistraet him yn it advys efkes yn syn himd sette soe, al wie er dan neffens syn forklearring „voor eenige (!) hondert Jaaren een burgers soone der voors. Stede vanden oldste ende, sonder roem, vanden voornaemste aldaer ende burger gebooren”, al hie er altiten de lésten, dy’t de stêd him oplein hie, gewillich en sünder hokfoar oanmoanning op ’e tiid opbrocht, en ~oock van si]nder jonekheijt aen hem eerlijck ende well gedragen ende gequeten hebbende”.

Yn de reskripsje op dit rekest, dat de magistraet by wize fan advys oan it Hof fan Fryslan stjürde, wiisde dit kolleezje der op, hwat de rjochten en plichten fan Coumans wiene, dy't de moed hie en üntdük de bilestingen fan de stêd, mei’t er fan ympost frijsteld bier en wyn oan studinten en boargers yn it lyts forkoft, de nearing fan forskate boargers yn ’e groun boarre en drinkwizansjes bifoardere, dêr’t alle mooglike ünheil foar de rêst, frede en feilichheit fan de boargers üt fuortkomme koe. De attestaesje dy’t Coumans oan it Hof foarlein hie „van des suppliants ten thoon gestelde heilicheyt”, wie in biwiis, „hoe lichtelijck eenige sulcke adtestatien afgebedelt konnen worden”! Boppedat hie er him krige fan Douwe Hoijtes, en dy wie „den Hove genoechsaem bekent”, fansels net bipaeld yn gunstige sin. Sa’n tsjügenis biwiisde dus neat. En de magistraet wie jerne ré, foar kommissarissen fan it Hof in boekje oer persoan en hannelwize fan Coumans iepen to dwaen, en dan soene de hearen him wol oars kennen leare. En alhoewol’t it harren net oangie hwat de rekestrant oer syn „particuliere haet tegens Jacob Juckema” meidield hie, forklearren hja dochs mei klam, „dat haer lijdelijeker solde sijn, dat de suppliant tstadt uijt gejaecht werde, als dat hunne geheele burgerie alleene om de wille vaneen geen meriterende persoon ontstelt ende bedurven solde worden”. Hjir waerd Coumans dus oanwiisd as in gefaer foar de mienskip, in ünweardich persoan, dy’t it fortsjinne om ta Frjentsjer ut balie to wurden!

Yntiid gie de presidearjende boargemaster fierder mei syn ündersyk nei de praktiken fan Coumans en sa kaem er ek yn kontakt mei de prokureur Petrus Bantz, dy’t op de 10e septimber 1632 forklearre, ~dat hij een dach seven acht geleden van Johannes Coumans heeft ingelecht een halff tonne Hollands hier, die hij sijn genoodichde peereeters sijn uijtgedroneken ofte voort merendedeel”. Tziallingh Intes, luitenant fan de boargerij, ien fan de ütnoegen by dit fruchtefeest, forklearre allyksa „ten huyse van Petro Bantz te peer eeten geweest te zijn ende doenmaels well hartelijeken hollands hier gedroneken, sonder te weten van wien hij, Bantz, tselve heeft ingelecht”. Fansels, hwa soe dêr ek nei freegje, hwannear’t men oan sa’n feestlikheit dielnimme mei!