op dese mede gekerfft \ S , ) C ondewijn Noch een daeroppe niets geteeckent ofte gekerffd was.

Ende noemde voorseyde Coumans den Pedellnm nudum speculatorem (bleat tasköger), alsoo hij nae sijn seggen geen Academicus en was, adderende mede dat de heeren sijn Reeckenboeck wel conden doorsien, om sijn staat t’weten, passerende desen voor ons wedervaren. Actum Franeker den 21 en Augusti 1632. (wie tekene) Theodorus Smit, Pedellus H. Hessels.” Sa wie dan it wettich en oertsjügjend biwiis düdlik levere, dat Coumans op nuvere manear büten syn foech gien wie en tomük ek yn ’t lyts levere oan de studinten. En dat wie krekt it doel!

Marde man, dy’t sa forheftich oanfallen en sa swier biskuldige waerd, siet fan syn kant ek net stil. As in kat dy’t yn ’e knipe siet, speurde er nei in kans om mei ien greate sprong oan de tsjin him ynstelde forfolging to üntkommen. Noch altyd haldde er him fêst oan de disposysjes fan deputearre steaten fan 29 febrewaris, 30 maert, 12 maeije en 29 july 1632, dêr’t de hearen him hieltyd weroan kommisje yn jown hiene as iennichste leveransier fan bier en wyn oan de leden fan it corpus academiae to Frjentsjer. Yn syn rekest oan it Hof fan Fryslan, dat de 24e augustus yn hannen fan de magistraet steld waerd om advys, biklage er him oer de tsjinwurking dy’t er ünderfine moast fan it stedsregear en wiisde er der op, dat ien fan de leden dêrfan, to witten Jacob Juckema, seis sein hawwe soe, dat de magistraet „hem liever ter stadt uyt jagen wilde”, as him de kans to jaen de kommisje, dêr’t deputearre steaten him mei bilêstige hiene, üt to fieren. It gie hjir nota bene om in saek ~waerinne sij luijden niets te seggen hebben, ende deselve gepriviligieerde leverantie den suppliant in sijn burgerlijck recht van neeringe niet praejudiceert nochte oock ’t selve ajjsnijdet”, m.a.w. Coumans achte it alhiel net yii striid mei de opdracht, him fan wegen deputearren forliend, dat er dêrn jonken ek noch yn ’t lyts forkeapje soe. Hy wie ornmers boarger fan ’estêd en mocht dus ek al syn boargerlike rjochten ütoefenje; dêr wie ek it rjocht by, hannel to driuwen yn hokfoar foarm ek mar. Dêrom róp er nou de help yn fan it Hof fan Fryslan, om him syn rjochten werom to jaen ~ende de gedachte magistraet to ordonneren ende gebieden om de suppliant den vercopinghe, leverantie ende neeringhe van wijnen ende bieren aende burgers, herbergiers ende inwoonders rustelijcken ende vredelijcken mede