Jans, husfrou fan Jan Johannes Voerman, dy’t op in dei yn har taperij bisite krige fan in jongkeardel ~om een brandewijn te copen ende daernae versochte een canne biers te hebben”. Hja hie lykwols gjin bier mear yn ’t fet of yn flessen, en helle it efkes by Coumans, dêr’t hja trije sturen en har klant noch in botsen mear foar bitelle. En dan hie Jacob Claessen, ~adsistent vande Academie binnen Franeker", ien fan de rêstbiwarders fan de hegeskoalle, sjoen dat op 10 juny, doe’t er op de brêge fan it Noard siet, krekt foar it hüs fan Coumans oer, dy syn feint in kanne bier nei de fan Coumans pachte keatsbaen brocht, dy’t dêr fan de jonkers Weelderen en Ockinga, beide studinten fan de Akademy, ütnommen waerd, ~naedat sij int kaetspil gespeelt hadden”.

Ailinnich al troch dizze feiten to konstatearjen, hie de magistraet de biwizen dy’t nedich wiene om forklearje to kinnen ~dat Johannes Coumans, geweesene secretaris vanden Universiteyt alhier, tot vilipendentie van des Magistraets mandaten, een onder krui j pinge ende verachteringe vande Gemeene Burgerlijcke neeringe onderstaet (door) bij onbilli'jcke ende quaede middelen aen sich te trecken alle t’geene wes aen Suppoosten ende Ledemaeten vanden Academie gelevert ende uijt gesettet wordt”, om hokker reden dit kolleezje Coumans fierders forfallen forklearre fan syn rjocht om syn saken foar it gerjocht to bihertigjen. In boargerlike of leaver offisiéle boycot, it ütsletten-wurden fan biskate boargerskipsrjochten, dêr kaem it op del!

Mei dit biswierjend materiael wachten hja der net langer mear mei en tsjinje in iepenbiere oanklacht tsjin Coumans yn. De presidearjende boargemaster Frederik Heinsius hie boppedat op him nommen, biselskippe fan sekretaris Wilhelmus Ghemmenich, „gezworen bode” Harrie Hessels en wachtmaster Wybrand Ufkes, in ündersyk in loco yn to stellen by de kastleins, tapers en sliters to Frjentsjer, om de bierkelders to skögjen mei it each op it dêryn opsleine bier, dat fan Johannes Coumans ófkomstich wie. Yn it hüs fan Jan Pybes founen hja in heale tonne Hollansk bier, dat dêr troch of üt namme fan Coumans bisoarge wie, ~geteyckent met een Croon ende 2 Boots haecken, doch verklaert Jan, dat hij het Bier tot betaelinge van Bier, ’t welck hij aen Coumans geleevert hadde, ontfangen heeft.” Yn it hüs fan Coumans seis founen hja alve kerfstokken, ~daer oppe verscheijden Wi]nen, Bieren by den halve kanne gelevert sijn, doch alles op den naeme ende het credijt van studenten: daeromme aldaer de kerffstocken gelaeten sijn”.

Yn de huzen fan neifolgjende kastleins of kastleinskes, dêr’t de studinten ek wol ris kamen, waerd gjin biswierjend materiael oantroffen: Maeijcke Rommertsdr., Johannes Piersz., Grietie Jan Frans-