dus in oare taktyk: hja folgen it dwaen en litten fan Coumans ófgryslike krekt en sammelen safolle mooglik materiael dat him skealik wêze soe.

Al ridlik gau kamen hja ta de üntdekking, dat er, yn striid mei de him stelde eask, dat er de studinten en oaren dy’t de akademyske frijheit genietsje mochten, bier en wyn yn gjin lytser kwantums as in heale tonne (bier) en in heal anker (wyn) leverje mocht, lykwols dy hearen ek yn lytse mjitte skewielde en „hem dagelijx verstoutet omme bij d’halve kannen wijn ende bier in grooten menickte uijt te slijten ende d’zelve meede op kerffstocken aen te schrijven, die in sijnen huijse in matelijcken getaele voor desen bevonden zijn ende noch dagelijx toenemen". Bihalven dat er dêrmei de partikuliere forkeapers en tapers dus frijhwat skea die, makke er fan syn hus oan de Moundersstege in studinteweardshüs en wende spesiael de studearjende jongerein ta oermjittich drankgebrük, hwat doch grif net it doel fan it steatemonopoalje of privileezje west hawwe soe. Mei forachting hat de froedskip it dan ek yn syn remonstransje oer in „quasi Privilegie”, dat ek op dizze wize „hun Remonstranten seer schaedelijck is in hun particuliere Stadts middelen’ en de boargers moreel en finansieel gans skea docht. Hja achtsje Coumans dan ek net weardich ta it hawwen fan sa’n foarrjocht en steane der op oan, dealde tastan, sa mooglik nei it freegjen fan advys oan de magistraet fan Frjentsjer, wer yn to stellen. Om hokker reden dat nedich achte waerd, sil de lêzer fetsje

kinne üt hwat hjir folget. Johannes Pieters, presidearjend boargemaster, hie ntl. yntiid ek noch persoanlik ynformaesjes nommen en inkelde persoanen, lykwols net allegearre like bitrouber, foar him forskine litten om harren forklearrings oer it halden en dragen fan Johannes Coumans op skrift to bringen. De earste dêrfan wie Willem Hessels Glaesmaker, achtentweintich jier ald, immen dy’t goed bikend stie; hy forklearre dat sa likernöch mids maeije fan dat jier Sytse Harkes, Johannes Piers en Jan Sybes him frege hiene ~oft zijn jonge voor haer een canne biers van Johannes Coumans mochte halen, daerop den deponent haer consent heeft gegeven, die op derselver versoeck hem ten huyse van de gemelte Coumans heeft vervoecht ende een canne biers gehaelt . Hy bitelle foar de kanne Hollansk bier in „stoter” (12$ sint), mar Coumans’ oare helte frege trije sturen, oars krige de feint it bier net mei, en dêrom moast de jonge tasizze, dat er „het resterende bottien” letter bringe soe. En doe’t er it net hastich brocht, kaem de faem of it famke fan Coumans der om oan ’e doar by de man dy’t dizze forklearing óflei. Oare tsjügen kamen mei forklearringen yn deselde geast, dy’t wy hjir net allegearre jaen sille. Allinnich noch efkes de meidielingen fan Feyck