„Burgemeesteren, Raden en Gezworen Gemeente lieten der gjin gers oer groeije, mar leine har forklearring, dat hja ta hanthavening fan dit monopoalje yn gjin gefal meiwurkje woene en dat hja der gjin konsint ta jaen koene, al gau oan deputearren, professoaren en de leveransier foar. Sa likernóch trije wike nei datearring fan syn „kommisje” waerd dêr al in bigjin mei makke.

Hja hiene dêr in earste oanlieding ta foun, doe’t twa Frjentsjerter kastleins, Jelte Foppes en Frans Jan Pybesz., dy’t oars altyd gans oan studinten leverje koene, in forklearring ófleine, dat Coumans by harren forskynd wie mei it doel, har safier to krijen, dat hja har bier tonei allinnich by him, Coumans, opdwaen soene, ~ofte met hem te mengen, sonder dat hij, Coumans, hun comparanten eenige praesentatiën nopende den validatie van eenige studenten sedullen heeft gedaen”. Har eigen „biersteker” wie har oars bést nei ’t sin en hja hiene neat gjin bilang by in „grossier” dy’t harren efternei dochs de nearing en it frije bidriuw binimme woe.

Wol hie Coumans harren in foarskot tasein, om dêrmei de rinnende rekkens fan har „biersteker” foldwaen to kinnen, al soe it seis fjouwer of fiifhündert goune wêze, hwannear’t hy dan de fierdere leveransje mar hawwe soe. De magistraet wie fan bitinken, dat dit it bigjin wie fan de ellinde, dy’t it monopoalje meibrocht. Mar hja soene dy bidriging fan de frije hannel en fan in nearing, dy’t foar elkenien iepenstean moast, wol oan kant reagje! Sa’n leveransier mei in net al to skjin forline en mei gjin oare oanbifelling as fan de ynspekteur fan de bursa, winsken hja wier net op’e kluten to helpen op kosten fan in tal iverige boargers, dy’t mei bistean moasten fan de fortarrings fan studinten en oar akademyfolk.

Boppedat achten hja it konsint, dêr’t hjir om frege waerd, yn striid mei de fundamintele wetten en privileezjes fan de universiteit, dy’t ommers krekt bydrage moasten ta bloei en woltier fan de boargerij, en de miene middels fan it lan forsterkje moasten, ~ende wieders streckende tot verminderinge ende affbreuk vanden Gemeene welstand, neeringe, nut ende proffijt” wêze soene, hwannear’t dit monopoalje yndie bikrêftige wurde soe. Boppedat hie sa’n leveransje, dy t alle oaren ütsleat, oant nou ta forbean west, en de boargers sünder ünderskie hiene genietsje kinnen fan de foardielen fan de hegeskoalle. Derom protestearren de pleatslike autoriteiten jitris fül by de gewestlike oerheit tsjin dizze monopolistyske maetregel fan deputearre steaten. Yn ’t earstoan lykwols sünder fortuten, hwant de professoaren, studinten en suppoasten mienden ynearsten ek, dat har privileezje yn hannen fan Coumans nou wol feilich wêze soe. Boppedat krigen hja,