herberge, dy’t dêryn Frjentsjer op’e hoeke fan de Moundersstege wie, suver rjocht foar de keatsbaen fan de studinten oer; en dy keatsbaen hie er ek mar hierd, alhoewol’t alle forkeap fan bier en wyn dêr forbean wie. Nou lei Coumans net op sa’n béste namme, orn’t er destiids as bibliothekaris en letter as sekretaris fan de Akademy net al to sekuer en iverich west hie, mei fan gefolgen, dat er üt syn earste amt net op de meast earfolle wize üntslein wie en it twadde by wize fan „forkeap” oan in oar oerdroegen hie. De kar fan dizze persoan ta biwarjen en neilibjen fan in omstriden en gefaerlik „monopoalje”, lyk as de wynen bierleveransje oan de akademyminsken wie, kin dêrom nou net by ütstek in goedenien neamd wurde. De hearen deputearren soene der dan ek net folie wille mei hawwe, en dat wie to forwachtsjen! In authentyk biwiis dêrfan hawwe wy binammen yn it dossier fan losse stikken, dy’t birêste yn it gemeente-archyf fan Frjentsjer ünder nr. 809; de ynhald dêrfan is üs wichtichste boarne.

Nei’t Coumans by deputearre steaten fan Fryslan de folsleine „kommisje” ta levering fan wyn en bier oan professoaren, studinten en suppoasten fan de Akademy frege en krigen hie, op 29 febrewaris en 30 maert 1632, kamen der al moai-gau trije partijen tsjin him yn ’e wapens: de „pachters der gemene middelen”, dy’t him der fan fortochten, dat er de bilestingen üntdükte troch ek oan boargers bier en wyn frij fan ympost to leverjen; fierders de tapers en sliters, dy’t ut reden fan konkurrinsje bisochten him oan kant to wrotten; en dan de froedskip, dy’t wol syn gefaerlikste tsjinstanner waerd yn it konflikt dat nou folge, mei’t hja sa’n monopoalje yn har stêd net forneare koene. Yn it earstoan moasten hja har fansels deljaen ünder it bislüt fan deputearre steaten, mei’t de Fryske hegeskoalle yn har stêd nou ienris in ynrjochting fan heger ünderwiis wie, dy’t net ünder it foech fan de stêd, mar fan it gewest hearde. Mar hja soene it nea net forneare kinne, dat ynwenners fan har stêd, dy’t in herberge of soksoarte fan saek hiene, troch dit monopoalje yn har breawinning bidrige wurde of der seis troch yn ’e ünderwal reitsje soene.

Dizze mienskiplike aksje tsjin persoan en ündernimming fan Johannes Coumans brocht dan ek mei, dat hja op alle mooglike wizen materiael tsjin him gearbrochten, om syn namme noch mear skea to dwaen en syn saek, dy’t er troch it ütheevjen fan alle mooglike forkearde praktiken al yn in forkeard deiljocht brocht hie, namsto better op in kweanamme bringe to kinnen. Oan dy wurkwize fan syn tsjinstanners hawwe wy gans stikken to tankjen, dy’t meiiens üs kennis fan en üs ynsjoch yn it studintelibben forgreatsje kinne, lyk as him dat ófspile yn in lanstedtsje as Frjentsjer yn de earste helte fan de 17e ieu.