hwannear’t de klachten fan de boargerij oer it halden en dragen fan de studinten to great yn tal en to slim waerden, of hwannear’t forkearde praktiken fan studinten mei tapers en kastleins tige it omtinken fregen fan de forantwurdlike autoriteiten; sa waerd bygelyks to Frjentsjer yn 1621 de frijheit foar alkohoalyske dranken earst persoanlik forliend, foar safier’t it gie om „de vrije impost (accijns) vaneen halve tonne biers ter maendt ende een ancker wijn voor elcke drie maenden, mits sij (d.w.s. de bigunstigen) gehouden sullen sijn t selve in haere wooningen inne te leggen, den collecteur aen te geven ende de cedullen te hebben . Yn dit foarrjocht dielden doe njonken de professoaren en studinten ek de suppoasten en oare amtners fan de hegeslcoalle al mei, dy’t allegearre har „frijbiljetten” foar de wenstige bilesting op wyn, bier, gemael en bestiael fan de rector magnificus fan de universiteit tekenje litte moasten, om dy by kontrölle oan de pachters of kollekteurs sjen litte to kinnen, dy’t se dan registrearren of öftekenen. Mei’t de administraesje en drokte fan dizze kontrólle-maetregel de rector lykwols al gau to biswierlik waerden dizze man fan ’e wittenskip hie wol hwat oars to dwaen as de bilestingkontroleur to spyljen! bisleaten deputearre steaten op syn advys, dat earst de ynspekteur fan de bursa dêr’t de finansieel minder krêftige studinten ünderbrocht wiene en letter de sekretaris fan de universiteit de kontrólle foar syn rekken

nimme moast.

En sa koe it dan barre, dat de eardere bibliothekaris en dêrnei sekretaris fan de Frjentsjerter Akademy, Johannes Coumans, al foar it jier 1632 der krekt mei op ’e hichte wie, hoef olie wyn en bier de akademyboargers fan heech ta leech sa likernóch brükten. Dêrmei waerd it him ek wol düdlik, dat er mar better mei syn baentsje öfweve koe, en bisykje it monopoalje to krijen yn de leveransje fan dit moai-greate kwantum koarn- en druvesop.

Dêr hiene deputearre steaten wol earen nei, mei’t hja oanienwei ünthelle waerden op klachten fan partikuliere sliters, tapers en kastleins, dat de boargers ek mar al to faek fan dy akademyske frijheit profitearje koene. Binammen de pachters fan de bilestingen lykwols, dy’t fan bitinken wiene dat hja dêr slim skea fan hiene, wiene sa pür fanwegen dy üntdüking fan ymposten, dat deputearren wol needsake wiene en gryp jitris yn. Hja joegen dêrom de leveransje fan wyn en bier „dewelcke onse professoren ende ledematen in onse hogeschole op des academiae privilegiën sullen willen consumeren” by provisy yn hannen fan ien persoan, to witten oan de eardere sekretaris fan de Akademy, Johannes Coumans.

Dizze Coumans hie him alfêst mar ynrjochte yn in taperij of studinte-