mei praktiken dy’t net troch de mesken koene, moasten wol alle mooglike minder oangename konflikten üntstean, binammen hwannear’t net de stêd, mar it gewest de hegeskoalle stifte hie. Dan hie ommers net de magistraet, mar it kolleezje fan deputearre steaten der it

heechste gesach oer, wylst de magistraet de swierrichheden en it lést foar syn rekken krige. Sa stiene de saken ek foar de stêd Frjentsjer, mei op syn gebiet de hegeskoalle fan Fryslan, bigunstige mei eigen rjochten en f rij stellingen foar har minsken. Deputearre steaten stelden dér de wetten fan de hegeskoalle fêst en hiene mei ütsluting fan alle oaren it rjocht dy to hanthavenjen, forlienden allyksa de privileezjes en joegen ordonnansjes üt, sawol foar de Akademy yn syn gehiel as ek foar biskate akademytsjinners yndividueel. Op sa’n foet waerd it foar de stedsmagistraet bytiden suver hast ünmooglik en kear de skealike gefolgen fan deputearren har maetregels of meitsje dy tominsten hwat draechliker. Op gans gebieten joech dizze forhalding oanlieding ta frijhwat protesten, rekesten, remonstransjes en oare biswierskriften. En it is dan binammen üt in bondel fan dizze net al to fleurige lektuer, oanwêzich yn it gemeente-archyf fan Frjentsjer, dat ik it materiael foun haw ta it tekenjen fan de figuer fan Johannes Coumans, bigunstige fan de deputearren fan Fryslan. Hy foarseach yn it jier 1632 en dêromhinne de professoaren, lektoaren, studinten en alle oaren, dy’t gebrük meitsje koene fan de akademyske privileezjes, fan wyn en bier, dy’t frij fan accijns wiene. Mar troch it misbrük, dat er al gau makke fan dit foarrjocht, op sa’n wize dat er ek de boargerij mei syn accijnsfrije dranken skewielde, studinten „op de pof” of op ’e latte levere en noch oare minder suvere praktiken tapaste, rekke er by de bilestingpachters en ek by de nearingdwaenden alhiel üt ’e gunst. Hja tsjinnen by de magistraet rekesten en protesten yn, en dit kolleezje protestearre op syn bar by deputearre steaten. Dêrmei rekke it spul dan geande. It waerd lykwols gjin formaeklik janklassenspul, dat der nou folge; wy sille üs lêzers it forrin dêrfan sketse oan’e han fan de authentike stikken, dy’t wy nou noch ta üs foldwaen hawwe; üt dy stikken docht wol bliken, dat der folie mear west hawwe, mar dy lykje der net mear to wêzen, hja binne alteast noch yn Frjentsjer, noch yn Ljouwert mear to finen.

Earst sille wy lykwols noch efkes taljochtsje moatte, ophokker wize it privileezje, dêr’t sa’n spul om wie, likernóch ta stan kommen wie; hwant al foar 1632, to bigjinnen mei it jier 1621, waerd it ek foar de leden fan it corpus fan de Frjentsjerter Akademy al boun oan biskate foarskriften en bitingsten.

Sa üt en troch waerd de „akademyske frijheit” wolris hwat biheind,