magyske sfear yninoar oer. Hwat men hjir as divels of mannen fan ’e swarte kunst oantsjut fynt, binne de bleke skimen fan alder greater gestalten. En efter dy mythyske gestalten stiet blinkend it ark seis.

Y. POORTINGA.

3,6 o-mlUiden mo-no-pociije ftan de da-umcinó (1632).

Yn dizze histoaryske skóging sille wy bisykje hwat in aparte kwestje to bihanneljen. It giet om it faken fül bistriden bier- en wynmonopoalje yn it eardere universiteitssintrum Frjentsjer, dêr’t fan 1585 oant 1811 de hegeskoalle fan Fryslan festige wie, en fan 1815 oant 1843 in Ryksathenaeum.1

Ta de oanloklikheden, om net to sizzen de privileezjes, fan üs eardere universiteiten, de jure yn forskate dingen suver aparte steatsjes yn in stêd, hearde ek de saneamde akademyske frijheit op bier en wyn, d.w.s. de bijstelling fan accijns, ympost of bilesting op dizze geastrike dranken foar allegearre, dy’t har rekkenje koene ta de cives academici. Dat wiene dus yn ’t foarste plak dosinten en studinten, mar ek sokken, dy’t amtlik yn it iene of oare forban stiene mei it corpus academiae, fan de pedellen óf oan it feintsje fan de bibliothekaris of sekretaris fan de universiteit ta.

En hwat jin ek opfalt by bistudearring fan it libben en it wurk yn üs wittenskiplike sintrums fan earder tiid, is it wündere tsjin-inoaropbieden fan de oerheden yn de universiteitsstêdden, om har stêd sa oanloklik mooglik foar to stellen, ü.o. troch in privileezje lyk as hjirboppe neamd, en fierder troch f rij stelling fan kriichstsjinst, üntheffing fan bipaelde boargerlêsten lyk as wachthalden ensfh., en dat allegearre om de béste learkrêften en de measte studinten nei de eigen hegeskoalle to lokjen.

Ek de üntheffing fan de accijns op wyn en bier wie dus sa n konkurrinsjemiddel, dat boppedat gauris op in tige unearlike wize tapast waerd op kosten fan de bilestingpachters en ek ta skea fan de gewoane forkeapers fan dizze dranken, de kastleins en oaren, dy’t op de iene of oare wize hwat ütsteande hiene mei it yn foarried hawwen en forkeapjen fan dizze alcoholica.

Ut dizze privileezjes, faken min to omskriuwen en min to hanthavenjen, dêr’t binammen de bigunstigen seis al gauris op skandlike wize misbrük fan makken om de eigen ynkomsten to formearderjen