'n saais over scholder. Dij vruig öf e veur hom maaien mog. Boer zee: kïnst ja niks!

„Vaalt wat tou”, zee ’t boggeltje.

’t Mos din mor wezen; aal boat helpt; al was ’t ook ’n snieder, dij maaien wol, mog maaien. Ze begunden mit heur baaident. Hou is ’t ? zee boggel: ie kinnen toch wel mitkomen? Boer kon nait tegen boggel aan; dij was hom al gaauw veur. Boer wol ’t ja nait waiten; hai poestte der tegen; ’t swait luip hom al gaauw bie kop en rog deel. ’t Gong aal haarder; ’t swait luip boer tou vitlökken oet.

Tou jong, zee boggel. Boer haar gain dreuge droad meer aan hom; boggel haar nóg gain swaitdrup valen loaten. Boer zet ’t hoarspit in ’t aander swad; boggel maait ter deurhin, ’t knapt mor even. Wat was dat? vragt boer. Och, zoon lutje stiekeltje, zegt boggel. Boer naait ter oet!

Schmidt makket ünderskie tusken de aldere gestalten, bihearrende ta de eigentlike mythewrald, en de jongere, dy’t it ark in macht jowe dy’t boppe it gewoane formogen dêrfan ütgiet; it binne dus winliken magiërs. It giet net mear om de kultuerdied dy’t it bringen fan it ark ienkear west hat, mar om de ütsündering dêr’t de minske allinne yn syn dreamen mar oan tinkt. It bigjint al mei de oerlevering fan in Romeinske augur dy’t in hotte mei in skearmes trochsnie. It giet om de omkearde wrald, de wrald fan ’e ütsündering, om in tastan dy’t net troch de natuerlike wei ta stan komt. Sa binne it yn ’e jongere sêgen faek diabolyske wêzens, dy’t dêr as gestalten fan hotte, strikel of harring foarkomme.

Yn de sêgen dy’t Schmidt meidielt is it net altyd de divel seis, mar faken immen dy’t mei swarte kunst pielt, dy’t oanbiedt om in seine sa skerp to meitsjen, dat er fansels meant en nea wer skerp makke hoecht to wurden. Bart dat al, dan is de seine syn bütenwenstich

formogen wer kwyt. Winliken giet it yn üs Fryske en Grinslanske sêgen ek alderearst

om hwat Schmidt „die Übersteigerung des Gerates” neamt, de net mear natuerlike formogens fan it ark. Oer it divel-wêzen fan ’efrjemde mier hearre wy oars neat as dat de man tsjin hwa’t er meant de saek net mear stiet as er it ütsünderlike sjocht dat it ark prestearje kin. Yn Südtirol en yn Switserlan waerden ek sêgen forteld, hwerby’t in seine dy’t mei swarte kunst skerp makke wie troch in harstók of troch izeren neilen (dy’t neffens Schmidt yn ’t plak fan harspitten stiene) hinne snie.

Faeks geane, seit er, gestalten fan ’e seine en fan ’e harring yn dizze