Vander Molen jowt ien üt ’e Walden en ien üt ’e Südwesthoeke. De earste is fan Theun de Vries üt ’e folksmule optekene 3:

Der wie ris in mier dy’t der heech fan opjoech, hoe hrird as er meane koe; ja, hy miende, dat er wol tsjin ’e divel meane koe. Op in kear,

doe’t er wer yn ’e üngetiid op in stik lan stie to meanen, seach er dër ek in frjemde mier mei de seine stean.

~Hwat silstou hjir?” frege er.

~Ik woe wol ris om it hurdst meane”, sei de frjemde mier. Us maet gnyske en sei: ~Dat kin oangean”, en hja setten üt ’e ein. Marit duorre net lang, of de bitüfte mier seach, dat de oare him yn ’t foar

rekke, hy switte en switte, mar koe him net efterop komme. De oare seach nou en dan ris om en frege meilijich:

~Hoe is ’t feint, kinst meikomme?”

Marde frjemde mier koe fitte mear as hurd meane, hwant doe’t de pochhans jitris nei him seach, murk er, dat de frjemde net allinne it gers, mer ek de kop fan it harspit glêd ófmeand hie. Doe’t er dat

seach, bigriep er, dat er tsjin Hantsjepik meande, en hy sette de sokken der yn en paste tonei wol op, hwat er sei.

De oare sêge is troch E. B. Folkertsma üt ’e folksmule heind: Alearen wie derby de Gaestmar om in man, dy’t tige meane koe. Hy mocht him dër graech op foarstean litte en eltsenien ütdaegje om it tsjin him yn ’e kant to setten. Mar hwa’t it ek bisocht, gjinien koe him bimeane. Doe waerd er bare greatsk en róp: Gjin seine kin mines bimeane. Doe kaem der op in kear immen by him, dy sei: Ik sil mei dy meane om kriich. Dat is halden, sei er. Hja gongen nei in stik miede en bigounen to meanen. Marde oare kaem him yn it foar en hy koe him net wer bykomme. Doe waerd er grimmitich en smiet de seine op it mëd fan ’e oare. Mar dy meande mei sines dwers troch de seine dy’t foar him lei, hinne en gong evenredich troch. De man hie mei de Kweade meand! In oare lezing wol, dat de meaner foartyd greate stiennen op it mëd fan ’e Kweade smiten hie, dër’t dy lykwols bidaerd trochhinne snie.

Wy wolle ek noch de fariant oernimme, dy’t \vy yn K. Ter Laans „Groninger Volksoverleveringen” fine 2:

’t Was in ’t drökste van ’t maaien. Boer kwam ’n boggeltje tegen mit

1 Fr. Sêgeboek, dl. 11, bis. 227—28.

2 2de pr. Zutphen 1930, bis. 112. Blykber de iennichtste oerlevering yn Nederlan dy’t mei de Fryske korrespondearret. Forgel. Sinninghe, Katalog der niederlandischen Marchen-, Ursprungssagen-, Sagen- und Legendenvarianten F.F.C. No. 132. Helsinki 1943, nrs. 851—980.