As ien fan’e aldsten dêrfan, neffens it type, is, wol Schmidt hawwe, de Amrumer fariant fan de poppestien of de holle beam to biskögjen. Op it Noardfryske eilan Amrum kamen de lytse bern ut in puoltsje, de „Guuskölk”, dêr’t se troch de mem weihelle waerden. Marit „berne-

frommis” wol se net loslitte; hja slacht forwoest mei de seine om har hinne en sadwaende wurdt de mem oan e skonk woune.1 Schmidt wiist ta forklearring op de Germaenske goadin Hludana en hat it oer de forbiningen tusken de Nederryn, dêr t de Hludana-ynskriften foun binne, en it Skandinavyske Noarden, dat de Aldyslanske goadinne Hlodyn ken. Dit komt oerien mei Jan de Vries dy’t yn ’e nijste ütjefte fan syn „Altgermanische Religionsgeschichte 2 fan „die friesische Hludana” praet en seit dat Hludana-Hlódynn ta de Germaenske fruchtberheitsmachten heart. As de Noardfriezen üt Südfryslan kommen binne, leit de forbining fan it Amrumer seinefrommis mei Hludana nammenstomear yn ’e reden.

By de manlike gestalten mei de seine kin men sa fier net tobek gean as mei de sichtedragers; sawol de klassike as de Keltyske en de Germaenske aldheit falie hjir wei. De opfallendste seinefiguer is de Dea as Man-mei-de-seine. Fierder wiist Schmidt noch op inkelde simmerof rispinggestalten sawol yn brükme as yn sêge, hwerfan de kearn wol ald wêze kin. It is oan to toanen, dat de foarstelling fan de Dea as Seineman algemien wurden is yn ’e 14de ieu, foaral yn e jierren 1345 en 1350, doe’t de pest in treddel fan’eEuropeeske bifolking weimeand hat. Bylden üt de lepenbiering fan Johannes hawwe der ta bydroegen om dizze figuer to foarmjen. Literatuer en plastyske kunst hawwe soarge dat de foarstelling rounom mandeguod wurden is. De ikonografy fan hilligen-mei-de-seine kinne wy hjir rêste litte; allyksa de siderale seinefigueren, sa t dy hjir en dêr yn it stjerrebyld fan ’e Orion sköge wurde.

Njonken sichte- en seinegestalten bihannelet Schmidt ek anthropomorfisearringen dy’t mei strikel en harring to meitsjen hawwe. Hy wol der op üt, dat men by dizze figueren net allinne mei foarstellingen to krijen hat dy’t troch optyske, mar ek mei guon dy’t troch akoustyske wei üntstien binne.

By de sêgegestalten dy’t mei it harjen to meitsjen ha, bihannelet Schmidt sêgestof dy’t yn ’e selde sfear leit en ek wol fan gelikense oarsprong wêze moat as de Fryske segen dy t oer mieren geane. 1 J. G. Th. Graesse, Sagenbuch des preusischen Staats. Bd. 11, bis. 1057. Hat de sêge oernommen üt Jahrbuch für Schleswig-Holstem. Bd. X, bis. 360. 2 Berlin 1957, bis. 321—22, 328.