De skriuwer giet dan earst de manlike sichtegestalten nei, foaral sa’t dy yn ’e antike mythology foarkomme; hy sjocht hjir de aldste figueren yn. Dêrnei binne de hilligen mei de sichte oan bar, dy’t ek al buten üs bistek falie. Itselde jildt foar de „Bilwis”, in demonyske gestalte, dy’t neffens in wiidforspraet en ald leauwe nachts it nót sichtet en sa skea docht.

Froulike sichtegestalten binne likegoed tige ald. Sa’t de seine yn dizze foarstellingswrald yn it algemien de midsieuwen fortsjintwurdiget, is de sichte hjir it stik ark fan de aldheit. De earste froulike sichtegestalte dy’t Schmidt ünderskiedt, fynt er yn de Phoenicyske mythology tusken 2000 en 1100 foar Kristus. Dan komt er nei in lange tocht troch de Helleenske en Romeinske mythology by it bigjin fan ’e nije tiid yn ’e Germaenske romte to lanne, dêr’t er it earste oanknopingspunt fynt yn in Hessyske oerlevering üt 1550 fan froulju mei sichten oan ’e hannen dy’t yn in soarte wylde jacht ta it gefolch fan Frou Hulda hearre.

Schmidt wol hawwe, yn Noardfryslan soe ek in foarbyld fan de foarstelling fan in froulike sichtegestalte oan to wizen wêze. Op in alde grêfstien to Ballum wie neffens Karl Müllenhoff 1 in frommis mei in sichte en in pear skeaven op ’e earm üthoud. Der waerd in sêge by forteld fan in minske, dat om har soan fan ’e ütfiering fan in deafonnis to rédden, de rjochter as gunst ófsmeekt hie, dat de jonge frij wêze soe as hja foar sinneündergong trije ekers koarn sichte hie. Hja folbrocht it, mar foei der doe dea by del.

Schmidt sjocht dêr in aitiologyske sêge yn, dy’t op tige alde rjochtsbrükmen tobek giet, marde foarstelling op ’e stien hat neffens him in hiel oare oarsprong. Dy lit har it maklikste mei antike Demeter- en Ceres-ütbyldingen forgelykje en soe dêr in Germaensk ekwivalint fan wêze.

Hy hinget dêr nammensto gauwer ta oer, om’t er yn in Noardfryske froulike seinegestalte ek in figuer sjocht dy’t forbining mei it Suden, yn dit getal mei de ütmouning fan ’e Ryn, wierskynlik makket. Froulike seinegestalten binne tige seldsum, ek al om’t de seine by ütstek ark foar maniju is. It liket him yn sokke getallen dan ek it oannimlikst ta, dat der in forskouwing fan in sichte- nei in seinefoarstelling pleats hawn hat. Der soene twa soarten froulike seinegestalten wêze: op’e Balkan deadsgestalten en yn it Noarden en Noardeasten inkelde lotsgestalten.

1 Sagen, Marchen und Lieder der Herzogthümer Schleswig, Holstein und Lauenburg. Kiel 1545, bis. 162—63. M. skriuwt dat master Hansen fan Sylt him de sêge meidield hat.