Under it haed „seinemuzyk” wurdt it lokjen fan ’e bijen bihannele. lroch op it blêd fan in seine to tyngeljen wurde yn Beijeren en Eastenryk de bijen üt ’e koer lokke, of: bijeswaerms wurde dêrmei oanlokke. Ut allerhanne forrjochtingen dy’t dêrmei mank geane is op to meitsjen, dat dit net allinne in brükme is dat op empiry birêst, mar dat der ek leauwe oan ’e bisündere krêft fan ’e seine mei under spilet. Neffens de folkskundigen dy t har hjir mei dwaende halden hawwe, komt dizze gewoante by ütsluting yn Beijeren en Eastenryk foar. Wy mienden it brükme hjir pro memoarje neame to moatten, om’t der ek yn in forhael fan Harmen Sytstra sprake fan is. Op in nacht miene twa buorlju, domeny en master, dy’t beide mei bijkjen piele, in bijeswaerm to hearren. Dominy „hellet in ald seine mei in foech hariser fen ’t fiürhernesouderke, en tsiucht dermei buten doar oan ’t tingeljen.” (Pastoarske trommet op ’e gieter.) „Sa scil de swerm him al licht gau sette, tochten se, en fliucht tominsten it lan net oer.” Master büket yntiid op in sichteblêd om; hy mient, dat it syn bijen binne en fütert: „min byen benne sökke roue musik net wend as joues.” It liket üs ta, dat dit gjin biwiis is foar it foarkommen fan seinemuzyk om bijen to lokjen yn Fryslan, om’t de skriuwer syn stof wol hjir of dêr boarge hawwe sik1

Yn it twadde diel fan syn boek bihannelet Schmidt de mythyske gestalten hast altyd binne se anthropomorf dy’t har bistean oan it ark to tankjen hawwe. Hy lit sjen, hoe’t al wer fan it neolithicum of dizze „arkgestalten , de froulju meast mei de sichte, de manlju mei de seine, as bleke skimen it blinkende ark yn ’e hannen hawwe. De nammen en mythen meije wikselje, de forhalding fan dizze mythyske oergestalten ta it ark en ta de krêften dy’t dêr oan taskreaun wurde bliuwt gelyk. Allinne, yn jonger oerlevering rommet it mythyske it plak en binne it sêge- of legindefigueren wurden. Yn inkelde mearkes mient er to dwaen to hawwen mei sichte- of seinefigueren as mythyske bringers fan de agraryske kultuer, dy’t de minsken it ark skinke en it harren hantearjen leare. Boppedat nimt er oan, dat men by de sichtebnnger ek mei spoaren fan moannemythology to dwaen hat. Noch op in oare manear koene dizze mythyske figueren üntstean: by de eigenskippen dy t seine en sichte taskreaun wurde binne anthropomorfe arkdragers ek bisteanber as ta wezens makke stikken ark seis.

1 Teltsjes en rimkes fen Harmen Sitstra mei in foarwird fen Waling Dykstra. Leauerd 1867. Yn it teltsje „Dominy en master” bis. 62—66. Fan Sytstra syn folksaerdige teltjes binne forskate net oarspronklik. Fan in inkeld teltsje üt syn „Tsien tuwsen uwt de lottery” kin ik it foarbyld dêr’t er neffens arbeide hat oanwize.