moannesichte yn it mythyske tinken fan aids krêften yn dy’t de fruchtberens en de waeksdom bifoarderje.

Folie düdliker binne de foarbylden fan it twadde, fan leauwe oan de magyske öfwarkrêft fan sichte en seine. Wol is it sa, dat hja dy krêft foar in part mien hawwe mei oare metalen foarwerpen, binammen dan mei oare snijende en stekkende stikken ark, sadat de bisündere magyske krêft fan sichte en seine net altyd skerp to ünderskieden is. Om it leauwe oan sa’n öfwarrende krêft, dy’t seis foar swier waer bifeiliget, to forstean, moat men jin yntinke, dat de ünheilen, ek de natürrampen, taskreaun waerden oan tsjoenende minsklike wêzens (of oars dochs yn alle gefallen oan anthropomorfisearre natürkreften), dy’t har maklik oan skerp ark as alde seinen en sichten biseare koene; itselde jildt foar demonyske wêzens, foarsafier’t men dy yn nachtmerjes of oare kweade bisikingen seach.

Schmidt bringt in hiele rige by fan it brüken fan seine of sichte ta ófwar fan kweageasten en kweade elfeftige (demonyske) wêzens. Hy hellet se foaral üt ’e folkskundige literatuer en de sêgesamlingen fan ’e Alpelannen, mar hy fynt syn materiael dochs ek wol fier dêr buten.

Foaral wurde hwat er neamt de „Alp-Gestalten”, dy’t it fé pleagje, öfward troch in alde seine of sichte boppe de doar of yn ’e büthüsmuorre to bifêstigjen. Hwer’t de „Alp” troch de skuorstien komt om foar in lyts bern in oarenien yn ’e widze to lizzen, wurdt wol in seineblêd yn ’e skoarstien hinge.

Fan dit ófwarleauwe fine wy yn Westerlauwersk Fryslan ien biwiis. H. G. van der Veen skriuwt yn 1880 1:

~Geane de hynzers nachts op ’e stal heiselik oan troch to shoppen en to slaen en sitte moarns den de moannen yn ’e tiez, den ha hja lést fen ’e nachtmerje hawn. Me moat den hinne gean en hingje hoppe de hynzers in seine ef in sichte; den hdldt

it op”.

Sa’t bikend stean mei, skreau men de binaudens yn sliep of dream al fan ’e Aldgermaenske tiid óf ta oan in demonysk wêzen, in elf forgelykje it Dütske „Alp” of „Alpdrücken” foar nachtmerje —. Wy binne hjir dus wol tige ticht by Schmidt’s „Alp-Gestalten. 1 De bitsjoende wrald, ef: de nije wylde lantearne. Hearrenfean 1880, bis. 57. Vander Veen hat, nei’t er yn it foarwurd seit, syn materiael meast yn Driezum opdien. Dit ófwarleauwe is tige forspraet. len foarbyld: Yn in Sweedske roman fan Margit Söderholm, Ned. fortaling „Als de dauw hangt komt er regen” (Den Haag s.j.) léze wy op bis. 46: „Zelfs vader was niet vrij van bijgeloof. Hij schilderde met teer kruisen boven de deur van de koestallen en had altijd een oude zeis inde stal boven de paarden hangen.”