yn ’e praktyk fan it Kristendom koene dy soms seis nije foarmen oannimme, sa’t it bygelyks it gefal is hwer’t it ark attribüt fan in hillige waerd.

Schmidt forpart syn stof yn twa haeddielen. It earste giet oer it foarkommen fan sichte (yn ’e bitsjutting fan „sikkel” yn it Frysk is der marien wurd foar Ned. „zicht” en „sikkel”), seine en tabihearren yn leauwe en brükme; it twadde oer de gestalten, personifikaesjes, dy’t üt it ark üntsteane of der mei forboun wurde.

Yn it earste part hat er de folkskundige bitsjutting fan de foarwerpen hotte, harspul en skie neigien en jowt er brükme en leauwe fan sichter en mier de eftergroun dy’t se fortsjinje; dêrby wurde bigjinen einbrükmen fan haeijing en risping, foarsafier’t se mei dit ark to meitsjen hawwe, op har mythologyske oarsprong en ynhald sköge. Neffens de kaerten dêr’t ien en oar op fêstlein is binne de Middeneuropeeske Alpegebieten hast rounom sintrum fan sokke brükmen en foarstellingen en komme de ütstrielingen net oan üs ta. Nou mei dat foar in part hjir oan lizze, dat hja to Wenen to min materiael oer üs gebieten hawwe, it feit dat wy der seis ek gjin oanfolling op witte, mei dochs in oanwizing hjitte, dat it boerelibben hjir to lanne op dit stik fan saken earmer is.

By hwat dan folget oer sichte en seine seis yn brükme en leauwe steane wy alteast net hielendal mei lege hannen. Schmidt bigjint mei de biskriuwing fan ’e gewoante fan it oprjochtsjen of ophingjen fan óftanke sichten en seinen ta ófskrik fan róffügels, om sadwaende hinnen of douwen to bifeiligjen. Dér hoecht neat mythysks of magysks efter to sitten. De hjitting is, dat it blinkende, skerpe izer de róffügels öfskrikt en dér kin hwat fan oan wêze. Direkte biwizen hat Schmidt net fine kinnen, mar hy achtet it wol tige goed mooglik, dat der tagelyk leauwe oan de magyske öfwarkrêft en oan de mythyske hilligens, de heilbringende eigenskippen fan it ark yn dizze gewoante stiket. Dat léste foründerstelt er foaral dér hwer’t hja foar in moade hawwe om in stang mei in sichte der oan boppe de pleats op to rjochtsjen. Dy alde sichte soe dan stean foar de sichte as hillige figuer of as it archetype sichte.

It brüken fan sichte en seine as mythyske, hillige, heilbringende figuer oan ’e iene en as magysk öfwarmiddel oan ’e oare kant is lang altyd net to ünderskieden. Getallen dat men allinne mei it earste to meitsjen bat wit Schmidt dochs to neamen, bygelyks yn it brükme om in sichte yn ’t bêd to lizzen by in kreamfrou dy’t lést fan neifleagen hat; yn alle gefallen hat de sichtefiguer net los to tinken fan de