Spamer en Spiess der op om hammere, dat de ergology, dy tüke fan ’e folkskunde dy’t him op ’e bistudearring fan ’e konkrete saken fan wurk en ark ütleit, net los to meitsjen is fan it totael fan ’e folkskunde, fan ’e mythology yn it bisünder, om’t it dochs by einsluten om de geastlike ynhalden to rédden is. In prachtige synthese fan ’e saekkunde mei de resultaten fan ’e Weenske mythologeskoalle bringt üs nou it wurk fan Schmidt. Mei it ünbidige materiael dat sêgesamlingen, fragelisten, atlassen ensafuorthinne garre hawwe ta syn foldwaen, hat er nije gebieten foar de mythology dit wurd nommen yn e moderne wide sin fan „leare fan it folksleauwe” iepen lizze kinnen.

Schmidt hat earst in stüdzje skreaun oer it plak fan in stof, in metael, to witten it lead, yn folksleauwe en brükme. Sa foarme er in nij bigryp „Stoffheiligkeit”. Dêrnei paste er deselde methoade ta op it boereark. Hy bigoun mei it ark dat by it sichtsjen en meanen brükt wurdt, om’t dat miskien wol fan it neolithicum óf ününderbrutsen ta itselde doel en yn deselde foarmjowing tsjinst dien hat. Oan seine en sichte hat er oantoane wollen, oer hoe’n greate romte fan tiid en öfstan deselde foarstellingen libje oangeande it mythyske en magyske dat oan dit ark fêstsitte kin en hoe’n wichtige funksje dat sadwaende yn it folksleauwe krije koe. Sa hat er wer in nij bigryp yn ’e mythology ynfierd, nammentlik dat fan de „Gestaltheiligkeit”.

Liedende idé by Schmidt hat west, hwat hy neamt de „agraryske arbeidsmythe”. Under dat tüzenen jierren lange brüken is it ark net allinne matearje en foarm bleaun, mar teffens ta in wêzen mei eigen geastlike en psychyske ynhalden, is it ta under- of foarwerp fan mythe, magy en kultus, is it attribüt fan goaden en hilligen wurden en is der in relaesje tusken forskynsels oan it firmamint lyk as moannesichte en stjerrebyld oan ’e iene en it ark op ’e ierde oan e oare kant untstien. By it neispeuren fan dizze léste relaesje giet Schmidt wol oan ’e alde Babyloniërs ta tobek. Hy hat in bulte to tankjen oan de ündersikingen fan de religy fan it alde Easten. Sa binne him de eagen iepengien fora folie tichter by hüs lizzende relaesjes tusken it ierdske en it kosmyske. It is Schmidt’s greate fortsjinste, dat er oantoand hat, dat it ark foar meanen en sichtsjen net inkeld üt stoffen en foarmen bistiet, mar

neffens syn wêzen likegoed in geastlik-psychyske ynhald krige hat en dat er alle uterlike forskiningsfoarmen dêrfan yn ien bisiele forban brocht hat. Wy binne wend om oan de Aldgermaenske goadeleare to tinken, as it oer de mythology fan üs kontreijen giet, mar hjir ha wy to dwaen mei in mythology dy’t dêr mar amper hwat mei to krijen hat. Hja hannelet oer forskynsels dy’t har al foar de Aldgermaenske tiid foardiene en likegoed oer guon dy’t dêryn as dy’t dêrnei foarkamen;