Bronnen'.

1. „Briefwisseling van Noord-Amerikaansche Zaakgelastigden van 1777-1783” in „Bijdragen v. Vaderl. Gesch. en Oudh.kunde”, dl. 111, 1842.

2. „De erkenning van de N. Am. Staat door de Rep. der Ver. Nederl.” van Dr. F. G. Slothouwer in dezelfde „Bijdragen”, dl. VII, 1893. 3. „De Patriottentijd” door Dr. H. Th. Colenbrander, 1597. 4. „Het bezoek van Paul Jones aan ons land in 1779” in Tijdschrift v. Gesch ” dl. XIX, 1904.

5. „Verhaal van het ontstaan van den gedenkpenning op de vrijverklaring van Amerika in 1782” door S. Wigersma Hzn. in „De Vrije Fries”, 1911. 6. „Het aandeel van de Amst. handel a.d. opbouw v.h. Amerik. Gemeenebest” door Prof. Jhr. Dr. P. J. van Winter, 1927/1933.

fD,e diu-ti ’t tnêd.

Sichte en seine yn sêge en folksleauwe.

Yn S. J. van der Molen syn sêgesamlingen 1 ha wy in kostber bisit. Sünder tafoegingen fan ’e auteur, safolle mooglik werjown mei de eigenste wurden dêr’t de sêgen yn ta him kommen binne, boppedat oardere neffens in forantwurde yndieling, is hjir omtrint alles gearbrocht hwat Westerlauwersk Fryslan oan sêgestof ryk is.

Twa dingen kin men mei dit materiael dwaen: yn ’e earste pleats fêstlizze hwat de samler noch üntkommen wêze mocht; twad bisykje neffens de hjoeddeiske stan fan ’e folkskunde de sêgestoffen yn greater forban sette en ütlizze, mei it folksleauwe dêr’t se üt fuortkommen binne ta eftergroun, om se sadwaende as it ware trochsichtich to meitsjen.

Fan dit twadde wolle wy in proeve jaen oan ’e han fan in pear sêgen oer de meanende divel. Wy nimme dizze foar kar, om’t de Eastenrykske folkskundige Leopold Schmidt alles hwat yn folksleauwe en -brükme mei sichte en seine hotte, strikel en harring ynbigrepen to meitsjen hat, yn in yngeande, öfroune stüdzje forarbeide hat.2 De mieresêgen kinne sadwaende in plak krije yn in Europeesk gehiel; bütendat kin men it fierdere foarkommen fan sichte en seine yn it Fryske folksleauwe ek yn datselde forban ynfoegje.

Somlike idéen hawwe yn ’e folkskunde, like goed as yn oare wittenskippen, inkelde tsientallen jierren nedich, ear’t se fol-üt wurking dogge. Mar dan is de tiid der ek ryp ta en kin de rispinge mar ynhelle wurde. As sa’n rispinge kin men Schmidt’s wurk ek biskógje. Jierren lang hiene foargongers fan him, lyk as Hoffmann-Krayer, Lauffer,

1 Frysk Sêgeboek I—IV. Assen 1939 43; Der waerd wol sein. Snits 1952. 2 Gestaltheiligkeit im bauerlichen Arbeitsmythos. Studiën zu den Ernteschnittgeraten und ihrer Stellung im europaischen Volksglauben und Volksbrauch. Wien 1952.