fan de folkskunde- en nammekundekommisjes, dy’t der letter bykommen binne. Trijeresom foarmje dizze kommisjes de „Centrale Commissie voor Onderzoek van het Nederlandse Volkseigen”.

Dit oersjoch is yllustrearre mei foto’s fan de foarsitters, de heechleararen Kern Jr, De Vooys, Van Ginneken, Kloeke en Van Haeringen, fan de skriuwer Dr. Meertens en de fierdere staf fan it buro. De bibliothekaris B. Wander fortelt oer de nijsgjirrichste boekjes en aspekten fan de Nederlanske dialektliteratuer. De assistint W. G. Rensink jowt in Dialectindeling naar opgaven van medewerkers, ek mei in oersjochkaertsje. De léste side jowt de gearstalling fan de „Dialectencommissie fan 1926 oant 1955. Sünt 1952 is prof. Fokkema fortsjinwurdiger fan de Fryske Akademy.

It 25-jierrich bistean fan it „Dialectbureau” is op 28 desimber bitocht mei in symposion yn it „Trippenhuis” to Amsterdam. De earste sprekker, prof. Grootaers, soe in foardracht halde oer 25 Jaar Dialectologie, mar hy wie doe al siik, dat Dr. Daan hat syn foardracht tofoaren lézen. De twadde sprekker, prof. Heeroma, fan it Nedersaksysk ynstitüt to Grins, ütjower fan de Taalatlas van Oost-Nederland en aangrenzende gebieden, spriek oer de Taalgeografie inde toekomst, dy’t er seach as helpwittenskip foar de taelskiednis. Hy achte it fan tige bilang dat men kaerten makket, net fan steatkundige gebieten, mar fan gebieten dy’t biskaet wurde fan it taelkundige probleem, dus fan gearhingjende gebieten, lykas de Fryske Walden of it „Dollardtaallandschap”, Grinslan-Eastfryslan, mar byneed ek it Westgermaenske gebiet, mei alteast in part fan Ingelan en Skandinavië.

De lêzingen fan dit symposion binne ütjown yn nümer XYI fan de „Bijdragen en Mededelingen der dialectencommissie van de Kon. Ned. Akademie van Wetenschappen te Amsterdam”, in rige, dy’t binammen yn it bigjin it omtinken foar Fryske problemen frege hat. Ik tink oan it earste symposion, oer it Fryske substraet yn Noard-Hollan (II), it twadde, oer de ynfloed fan it Stedsk op it Frysk (IV), fierder oer de aksintwikseling yn de diftongen, üs brekking (V) en dat oer de „stammen”, de Friezen, Saksen en Franken (X).

Nümer 8 fan de „Mededelingen” fan desimber 1956, bifettet in foarwurd fan Dr. Meertens as direkteur fan de dialekt-, folkskunde en nammekundeburo’s, wylst Dr. Daan Na het feest forslach jowt fan it dialektburo, dat sünt it bigjin fan 1956 ünder har lieding stiet. Ek seit hja har bitinken oer Doel en resultaat fan it wurk . De folkskunde-assistint skriuwt oer De winter inde volksweerkunde en de nammekunde-assistint oer De enken in Nederland, mei in kaertsje.

H. T. J. Miedema.