gedachten yn Sytstra’s brieven. Hy ünthiet my, dy neigean to sillen en joech my in skoftsje letter trije brieven fan Sytstra oan syn freon Tiede Roelofts Dykstra. Yn it foarste dêrfan, datearre Burgum, Aug. 1848, skriuwt Sytstra – dy’t him dan jit Zylstra neamt – ü.0.: „ik stjür jo it teltsje, dat üs beppe my earen wol fortelde en my wer yn ’t sin sketten is. Ik haw it hjitten „de Heinprove”. Underoan stiet noch hoe de sweallen sjonge, nei dat minsken sizze, dy’t se forstean kinne”.

Dy sang seis hearre wy earst seis jier letter. Sytstra is yntusken nei Baerd forfearn en skriuwt dêrwei d.d. 1 Septimber 1854: „Dat sweallesangkje is sa”:

„F orline jier

Do ik hjir wier,

Wier dit fek f o 1,

En dat fek fo 1,

En nou is ’t allegearre tiere liere liere liere leech”.

Nou is it lykwols tige opmerklik, dat krekt yn de jierren 1853 en ’54 de beide foarste dielen fan Wolfs tydskrift ütkommen binne, dêr’t alle Dütske fersys fan it „sweallesankje”, ütsein dy üt de omkriten fan Nordheim, yn steane.

Yn it tred brief, fan 29 Oct. 1857, skriuwt Sytstra ü.0.: „ik haw jit in dingkje op tou, in Sweallesang, dat jo by wolwêzen takommende wike krije”. (Sa’t fierder blykt, ta opnimmen yn „Swanneblommen”, dêr’t it in jier letter yn forskine sil).

Dizze brieven jowe my dan ek gjin oanlieding om myn miening, dat Sytstra syn „sizke” üt it Dütsk wei oerset hat, to foroarjen. de V.

OrCuifcuncUyttity en Vt-Ló fiAed.

25 Jaar Dialectbureau. Mededelingen der Centrale Commissie voor Onderzoek van het Nederlandse Volkseigen. No. 7, december 1955,

en: Mededelingen der Centr. Comm. No. 8, december 1956.

Foar dy Friezen, dy’t miene dat it Nederlansk itselde is as it Hollansk, mei it gjin kwea to lézen, dat fan de beide Nederlanske wurden kussen en zoenen allinne it léste Noard- en Südhollansk is. Dit kin men fine yn in flot skreaune stüdzje fan Dr. Jo Daan: Is ~zoenen” beschaafdl Hja jowt der ek in kaertsje by fan it hiele Nederlansk-Fryske taelgebiet yn Nederlan en België, dêr’t men op sjen kin, dat kussen yn Sélan, Braban, Utrecht, Gelderlan, Oerisel, Drinte en Grinslan brükt wurdt, al hat men fan de Ryn oant de Dollart ek it wurd smok. Fryslan en in part fan it Westerkertier fan Grinslan tütsje; patsjes binne der net mear by. Dy kin men noch yn Limburch fine, al is it yn de ek al hast ütstoarne foarm pits, dy’t fierder as de Fryske foarm fan it oarspronkelike Tsjerkelatyn „Pacem do tibi” ófwykt. Grinslan hat as tredde mooglikheit noch doetje, dat ek Eastfrysk is.

Dizze aerdige stüdzje fan Dr. Daan stiet yn it ekstranümer fan de „Mededelingen”: 25 Jaar Dialectbureau. Dit jubileumboekje bifettet in foarwurd fan prof. Grootaers fan Leuven, dy’t ünderwilens forstoarn is, in ynlieding fan prof. Van Haeringen, foarsitter fan de „Dialectencommissie,” dy’t ü.o. de Taalatlas van Noord- en Zuid-Nederland ütjowt, in histoarysk oersjoch fan Dr. P. J. Meertens, dy’t de skriuwer is fan de „Dialectencommissie” net allinne, mar ek