Nu, as ik weer kam, Is alles verquickelt, verquackelt, verkeert en verteert”.

Ek op oare plakken yn Dütsklan komme, neffens Kohier, soksoarte fan farianten foar.

len dêrfan jowt H. Krause, yn syn „Stader und Nordheimer Kinderreime” (diel 111, s. 179) op, foar de omkriten fan Nordheim, as „der Ruf der Blutschwalbe” k

„Als ich wegging, als ich wegging, waren kisten und kasten schwer; als ich wiederkam, als ich wiederkam, war alles le-e-e-e-r”.

Sytstra hie dus kar üt foarbylden om syn „Hwat de sweallen sjonge” oer to setten.

Dat er syn sizke üt de Fryske folksmüle optekene hawwe soe, wol my net oan. De ornithologyske kennis fan Harmen Sytstra wie ek al net sa tige. Foarst mjukset er hjir twa soarten fan sweallen trochinoar. Hy seit:

~Jin ’e tsjerke oan der wy best nei üs sin

en efkes fierder:

„Stiet in freedlik from man it üs ta, Wolle w’ ünder syn hüstek üs wente graech ha, Doch oars, as it hjirsa en dêrsa net wol, Jaen w’ ek ünder tillen en brêgen üs dol”.

It earste tsjut op de wytgatsweal, ek hüssweal, soms molksturt, yn de Stellingwerven huusswelver en yn it stêdfrysk dakswaaltsje neamd.2 It twadde slacht op de boeresweal, meastal sweal of swealtsje neamd 3, dy’t har nést hast altyd op in draechpunt (balke, ütstekkende planke, ensfh.) delset en leafst binnen yn gebouwen, op it plattelan graech yn skuorren, büthuzen, loadsen, hokken ensfh. Dêrfandinne ek de namme „boeresweal”. Se nestelje lykwols ek wol yn stoepen en ünder ófdakken, bogen en brêgen.

It sankje fan dizze soarte is folie düdliker as dat fan de wytgatsweal, en hja kin, mei’t hja binnendoarren komt, der wol mei bikend wêze dat fetten en kisten en kasten hjerstmis fol en maeitiids leech binne,

1 Blutschwalbe (yn forban mei de bloedreade kleur fan de fearren op e foarholle en de kiel fan it fügeltsje) is ien fan de likernóch 15 folksnammen, dy’t yn Dütsklan jown wurde oan de boeresweal. 2 Hollansk: huiszwaluw, delichon urbica urbica (L). 3 Hollansk: boerenzwaluw, hirundo rustica rustica L.