Yn elk gefal is wol düdlik, hoe tankber wy Stapelkamp en Z.W.O. weze moatte, dat wy nou dit „kostle wurk” 1 ta us foldwaen hawwe. It boek is sünder mis de wichtichste bydrage ta de Midfryske filology sünt tweintich jier forlyn, doe’t Gysbert Japicx Wirken yn it ljocht kamen. Dat dit pronkstik mei Nederlanske ynlieding en oantekens forskynt, is net slim. Men moat fiersto bliid wêze, dat dizze net-Fries him sa op it Frysk en op dit muontsewurk ütlein hat, wylst gans Friezen derfoar omlizzen geane. Men soe winskje, dat mear net-Friezen ynseagen, hoe’n ryk materiael de Fryske filology opsmite kin. De Beaken-lezers sille Stapelkamp kenne fan de Earefrissel, it dübelnümer, dat him yn 1949 by syn 70ste jierdei oanbean is fan de „Grinzer Rounte , dy t doe krekt fan prof. Brouwer oprjochte wie. Dit wie in groep filologen, dy’t winterjounsgearkomsten hiene by Dr. W. L. Brandsma oan ’e hüs, dêr’t ien fan harren in ynlieding haldde. Dér wie Stapelkamp gauris de sprekker. Al hat er lang yn Grins wenne, in Grinzer wie er net. Hy is berne yn Loenen oan de Vecht op 2 maert 1879 en hat de middelbere akten Nederlansk en skiednis helle. Syn learmasters wiene de Amsterdamske heechleararen F. A. Stoett en J. te Winkel en foar skiednis prof. Kernkamp. Hy hat ek fan doel west to promovearjen en makke al tarissing foar in dissertaesje oer Marnix’ psalmen, doe’t de earste wraldoarloch ütbriek. Yn sept. 1917 waerd er direkteur fan de Kristlike H.B.S. to Grins, dat er bleaun is oant 2 maert 1944, doe’t er pensioen krige.

Hy hat forskate teksten ütjown, bygelyks in blomlêzing üt de psalmen en lofsangen fan Marnix van St. Aldegonde 2 en ek wurk fan Da Costa, ünder oare Hagar en De slag bij Nieuwpoort? Ut de léste ütjefte docht bliken, dat er yn 1907 learaer wie oan de Kristlike H.B.S. to Rotterdam. Yn de ynlieding hellet er de passaezjes nei foaren, dêr’t Da Costa Marnix yn forhearliket. Marnix en syn psalmen is er trou bleaun: dat sjocht men hieltyd yn syn oantekens by de psalmen fan Althuysen, mar ek by syn oare wurk, bygelyks yn syn boek Reviusstudiën1 fan 1954. Ek de plantenammen hawwe syn bisündere bilangstelling.

Net allinne yn Nederlanske en Fryske tydskriften forskine syn stüdzjes, ek hat er skreaun yn bütenlanske tydskriften, yn de „Leuvense

1 J. Althuysen, psalm 74, r. 23, en Chr. Stapelkamp, „Kossel”, It Beaken, jg. 14, 1952, s. 28. It kaem ek noch wol foar yn de 19de ieu, neffens it Nijfryske wurdboekapparaet fan de Fryske Akademy. 2 Yn de „Lyceum-Herdrukken”, Groningen-Djakarta. 3 Yn it „Klassiek Letterkundig Pantheon”, Zutphen. 1 Assen 1954, ek mei stipe fan Z.W.O.