FOAROPWIRD
Dit boekje is gearstald op oanstean fen de Prov. Fryske Underwiis-Rie, en wol neffens aerd en opset neat oars wêze as in bihelp by de stüdzje fen ’e fryske skriftekennisse for hjarren, dy’t nést it histoaryske diel ek wol ris in koart bigryp habbe wolle fen it aesthetyske, sa as dit him yn ’e ünderskate genres iepenbierret. Yn forban mei dizze opset is it karakter fen in 1 e a r boekje bihalden.
Mei klam wiist de skriuwer der op, dat de fen him jowne foarbylden net opfette wirde moatte yn literair-histoarysk forban, mar alderearst as karakteristyk for hjar soarte. It is dos net mei forkeard opsetsin, as somlike skriuwers hjarren nammen net yn dit boekje oantreffe scille; uteraerd moast ik in kar dwaen üt in soms greate foarrie fen titels..
Sa folie müglik hab ik war dien, foarbylden to nimmen dy’t foldogge oan in algemiene eask fen smaek. Net jimmer mocht my dit slagje, en dêrom is it strange oardiel faker as ienris oan ’e kant set, as ik miende, det it wirkje der brükberder fen wirde koe.
Tige tank bring ik hjirby oan ’e Bibliothekaris fen Fryslan, Dr. G. A. Wumkes, dy’t my in ryk mateariael fen oanteikeningen üt syn „persoanlike archiven” to brüken joech. By it gearstallen fen de bibliografyen hab ik der tige profyt fen hawn.
Hjerst 1936.
DE SKRIUWER.